Konflikt learling en Boalsert

06 jun 2009 - 08:36

De 15-jierrige Anna IJdema fan it Marne Kolleezje yn Boalsert is lulk op de gemeente. Se wurket as ûnderdiel fan har maatskiplike staazje al in jier oan de ynrjochting fan in boartersplak yn har wenwyk en waard dêrby sels holpen troch de gemeente.

Se krige al 4000 euro foar har plan. Mar dat giet no earst net troch, want de gemeente sette in glêsbak op it takomstige boartersplak. Anna wie net op de hichte brocht en leit har der net by del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)