Van der Mei top yn St. Gallen

05 jun 2009 - 23:10

Nathalie van der Mei hat as iennichtse Nederlanner foutleas riden by de Nations Cup yn it Switserske Sankt-Gallen. Amazône Van der Mei krige yn de twa omlopen mei har hynder Heechhiem's Springtime gjin strafpunten. It Nederlânske team einige troch har goeie prestaasje as dield fyfde.

Angelique Hoorn en Marc Houtzager krigen fjouwer en acht strafpunten, wylst Albert Zoer sels twa kear tolve strafpunten krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)