Plysje: opspoaring op YouTube

Filmke op YouTube moat helpe by it oplossen fan it misdriuw
De plysje wol mei help fan in filmke op Youtube besykje tips te krijen oer in oerfal op in gesin yn Elslo, heal maaie. Benammen de jeugd fan Drachten moat sa berikt wurde. De heit fan it gesin wurket dêr yn in coffeeshop. De plysje tinkt dat besikers mooglik ynformaasje ha kinne oer de dieders.
Yn it filmke is in sinjalemint fan ien fan 'e dieders te sjen. It giet om in mânske man fan sa'n 1 meter 90 grut. De dieders rieden mooglik yn in grize stasjonwein.