Gjin autofabryk yn Ljouwert

05 jun 2009 - 14:00

Ljouwert krijt gjin assemblaazjefabryk foar elektryske auto's. It bedriuw Miles Benelux yn Maasland yn Súd-Hollan hie in opsje naam op in kavel op bedriuweterrein De Hemrik. No docht bliken dat de banken yn it noarden net genôch betrouwen hawwe yn 'e plannen.

Miles Benelux bout it fabryk foar elektryske auto's no yn Brabân. Doel is dat der alle jierren 1500 auto's boud wurde. Dat smyt 50 oant 80 arbeidsplakken op. De NOM hat him bot ynspand foar it autofabryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)