Ynfobuorden by Frjentsjer

05 jun 2009 - 13:51

By de tagongsdiken fan Frjentsjer komme noch dit jier elektroanyske ynformaasjebuorden. Dêrop wurde eveneminten yn de stêd oankundige. It beslút om sokke buorden te pleatsen is twa jier lyn nommen. De lêste tiid is útsocht wat de bêste buorden binne.

Neffens de gemeente binne elektroanyske buorden it maklikst te behearen en it bêste te lêzen. Der komt gjin reklame fan bedriuwen op. De kosten foar de promoasjebuorden binne likernôch 17.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)