Ferbouwing Bolwurk wer oppakt

05 jun 2009 - 13:48

De ferbouwing fan poppoadium It Bolwurk yn Snits giet wer troch. Nei it fallisemint fan boubedriuw Buwalda út Skettens hat it wurk fjouwer wike stillein. Yntusken is de oerienkomst mei it fallite bedriuw opsein. Boubedriuw Koster út Snits nimt it wurk oer, mar de oplevering begjin july kin net mear helle wurde.

It Bolwurk is no yn augustus pas klear. Foarearst hat it fallisemint fan Buwalda gjin grutte finansjele konsekwinsjes foar It Bolwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)