Langwar wol flugger skûtsje

Jacob Huisman, de eigner fan 'Ut 'e striid'
It sjocht der nei út dat Langwar takom jier by de SKS net mear sylt mei it skûtsje De Twee Gebroeders, mar meidwaan sil mei it skûtsje Ut 'e striid fan Jacob Huisman. Dy fynt it nei 27 jier wedstrydsilen wol moai west. Langwar soe mei it nije skûtsje mear kâns meitsje op in poadiumplak omdat it in stik rapper is, al binne der kritisy dy't dêr oars oer tinke.
Neffens Huisman is de deal sa goed as klear, al wolle se der by Langwar noch neat oer sizze.