NOFA: gjin weryndieling

© Omrop Fryslân
De NOFA-gemeenten yn Noardeast-Fryslân sille it besteande gearwurkingsferbân net fierder útwreidzje. Dat is freed bekendmakke op in parsekonferinsje.
Achtkarspelen, Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân wurkje sûnt 2002 op it mêd fan ekonomy, ûnderwiis en wenjen mei-ioar gear. De gearwurking wurdt net útwreide om't de fjouwer gjin mooglikheden sjogge foar in gemeentlike weryndieling. Alle fjouwer gemeenten hawwe oare plannen en ideeën oer de takomst.