Fryslân folget lanlike trends

Geert Wilders (PVV): ek yn Fryslân de grutte winner
Fryslân folget de lanlike trends by de ferkiezings foar in nij Europeesk parlemint. Yn alle gemeenten ferliest de PvdA. Yn Ljouwert gong der 14,6% ôf by de Partij van de Arbeid.
De grutte winner is ek yn Fryslân de PVV. Hast oeral krige dizze partij 10% of mear. It ferlies fan it CDA bliuwt yn hast alle gemeenten beheind, yn guon gefallen is der sels sprake fan in bytsje groei. De goede útslach foar D66 dy't lanlik te sjen is, is ek yn Fryslân dúdlik werom te finen.