'Cambuurstadion droechlizze'

Rellen soargen woansdei foar in soad skea
De kâns is grut dat der yn de takomst gjin alkohol mear skonken wurde mei yn it Cambuurstadion. De gemeente Ljouwert wol dêr mei de klup en de supportersferiening oer om de tafel.De maatregel is in reaksje op de rellen dy't woansdeitenacht útbrutsen nei de wedstriid fan Cambuur tsjin Roda JC en dy't foar in soad opskuor soargen.
Oft de droechlizzing foar alle wedstriden jilde moat of allinnich foar de risikowedstriden sil yn de kommende wiken bepraat wurde.