Potleaden yn Sint Anne brutsen

© Omrop Fryslân
Yn it stimburo yn soarchsintrum Beuckelaer yn Sint Anne hat in stimmer de punten fan de reade potleaden ôfbrutsen. De man die dat nei eigen sizzen sadat net ien nei him noch stimme koe op Geert Wilders, de lieder fan de PVV.
De gemeente it Bilt hat der foar soarge dat it stimburo nije potleaden krige. Geert Wilders is by de Europeeske ferkiezings net de listlûker fan de PVV, dat is Barry Madlener.