24 Jier sel foar moard K'tille

04 jun 2009 - 14:44

De fertochte yn de saak fan de moard op Murkje de Vries fan Koatstertille hat 24 jier sel oplein krigen. Tsjin de man wie 30 jier sel easke. De advokate fan de fertochte hat noch ynbrocht dat er hannele hawwe soe ûnder ynfloed fan medisinen, mar it IM fûn dat dêr gjin sprake fan wie.

De man hie earder yn syn wenplak syn eks-frou en de eks-man fan Murkje swier ferwûne troch op har te sjitten. De oarsaak fan beide sjitpartijen leit yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)