Fertochten drugshannel oppakt

04 jun 2009 - 10:40

De plysje hat twa ynwenners fan Easterwâlde oanhâlden foar drugshannel. It giet om in frou fan 21 jier en in man fan 23 jier. De twa soene yn har wenplak en omjouwing yn harddrugs hannele ha. De man wurdt ek noch fertocht fan geweld.

Nei de arrestaasje is op trije plakken ûndersyk dien. Dêrby waarden drugs en wapens fûn. Dy binne yn beslach naam. De plysje slút mear oanhâldingen net út. It ûndersyk is noch yn folle gong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)