Plan Wassenaar akkoart

04 jun 2009 - 09:35

It personiel fan Wassenaar Techniek op It Hearrenfean giet yn grutte linen akkoart mei it sosjaal plan fan de direksje. Dat sosjaal plan is nedich om't in tredde fan it personiel by it bedriuw dien krijt.

De fakbûnen hawwe woansdeitejûn mei it personiel oerlein oer it plan. Dat personiel kin him der foar it grutste diel yn fine, wol moatte de fakbûnen de kommende tiid noch mei de direksje om tafel om in tal details út te wurkjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)