Rellen nei wedstriid

By rellen nei ôfrin fan de wedstriid tusken Cambuur en Roda JC fan woansdei binne 19 plysjeminsken ferwûne rekke. Ien fan harren moast foar behanneling nei it sikehûs. Sa'n 600 teloarstelde supporters kearden har tsjin de plysje en smieten mei alles wat los en fêst siet. Stiennen, stekken en konteners fleagen troch de loft.
De plysje fierde sjarzjes út en hat 13 minsken oanhâlden op fertinking fan wapenbesit, iepentlike geweldpleging en net dwaan wat de plysje freget.