Tûzenen fans op plein Aldehou

04 jun 2009 - 00:47

In pear tûzen fans dy't gjin kaarten krije koene foar de wedstriid seagen SC Cambuur ferliezen op it Aldehoustertsjerkhôf. De gemeente Ljouwert hie yn gearwurking mei Cambuur dêr in grut skerm pleatst. Ek soe dêr de huldiging hâlden wurde. Dat alles gong net troch neidat Mark de Vries de beslissende penalty miste.

Nei de lêste penalty waard noch wol fjoerwurk ôfstutsen fan de Aldehou ôf. Ek spile Anneke Douma noch in pear nûmers. Op it plein bleau it rêstich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)