Lammen deabiten troch foksen

Foksen ha lamkes op it Noarderleech deabiten
Foksen hawwe de ôfrûne twa wike acht lammen deabiten yn it Noarderleech. It giet om de lammen fan boer Pieter van der Wal. Neffens de boer leit de skuld by it Fryske Gea, dy't it gebiet beheart. De organisaasje soe net wolle dat der jage wurdt op de foks.
Van der Wal ferwachtet de kommende jierren noch folle mear lammen kwyt te reitsjen, omdat neffens him it tal foksen allinne mar tanimme sil. De boer wol om tafel mei it Fryske Gea om ta in oplossing te kommen.