Europeeske ynfloed op Fryslân

03 jun 2009 - 17:37

Hoe grut is de ynfloed fan Europa op Fryslân? Net al te grut tinke in soad minsken. Mar is dat wol sa. In dei foar de Europeeske ferkiezings seach Omrop Fryslân by it Fryske bedriuwslibben. Wat fernimme sy, bygelyks kwa regeljouwing, fan Europa?

Klokmakker Jacob ten Hoeve fan De Jouwer hat der mei te krijen, omdat waarglêzen mei kwik mooglik ferbean wurde. Omrop Fryslân moast foar nije ynvestearrings Europeesk oanbesteegje en dat wie in soad ekstra papierwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)