Tarieding Cambuurfeest

03 jun 2009 - 17:28

Woansdeitejûn moat it allegear barre yn it Cambuurstadion. Sportklup Cambuur stiet op de drompel fan de earedivyzje. Om kertier foar njoggenen sil it Cambuurpublyk as ien man achter de klup stean.

As it dan giet sa't elkenien yn Ljouwert hopet, moat der nachts in grut feest komme op it Aldehoustertsjerkhôf, dêr't de spilers by promoasje huldige wurde sille. Der wurde tûzenen minsken ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)