Mear ferwûnings 11-stêdetocht

Mear as 60 Alvestêdefytsers ha mei ferwûnings nei it sikehûs west. Seker 5 binne no noch opnaam mei swierdere ferwûnings. De helpferliening hat it folle drokker hân as oare jierren. Sa'n 120 fytsers moasten holpen wurde. Oare jierren wiene dat der mar in 30.
In noch folle grutter tal gie by de EHBO-posten del foar fersoarging. It moaie waar soe foar konsintraasjeferlies soarge ha, mar ek it hurde fytsen yn pelotons hat ta in soad falpartijen laat.