Brede skoallen foldogge goed

Feestlike iepening nijbou Duinterpen
De brede skoallen yn Snits foldogge âlders, bern, masters en juffen oer it algemien goed. Mar de kommunikaasje oer wat der krekt allegear te rêden is, kin better. Dat is ien fan de konklúzjes fan in ûndersyk yn opdracht fan de gemeente.
Snits hat op dit stuit fiif brede skoallen. Woansdei waard de nijbou fan ien fan dy lokaasjes, yn Duinterpen, offisjeel iepene. De gemeente is al mear as tsien jier mei de brede skoallen oan de gong.