Studinten as treinhopper

03 jun 2009 - 15:50

In groep studinten fan de Popakademy yn Ljouwert is dizze wike begûn as treinhopper. Se stappe mei 4 man strak yn it pak samar in trein yn en meitsje op ûnferwachte mominten dan muzyk om passazjiers op te fleurjen yn dizze neffens de studinten barre tiden.

Filmpkes fan de spontane optredens binne werom te finen op Youtube en Twitter. De Ljouwerter treinhoppers binne noch oant takom wike tongersdei te finen op treintrajekten troch hiel Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)