Kol'lân slút ferkaveling ôf

03 jun 2009 - 15:42

It is woansdei feest yn Kollumerlân want dêr wurdt nei 17 jier de ruilferkaveling ôfsletten. Yn dy tiid is der in soad wurk ferset om it de boeren makliker te meitsjen om te buorkjen. Tagelyk is der ek hiel wat ferbettere foar de natuer, de rekreaasje en de wetterbehearsking.

Diken binne opnij oanlein, der binne nije sleatten groeven en der is goed 400 bunder oan natuer oanlein. De ruilferkaveling hat meielkoar 22 miljoen euro koste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)