Start Nasjonale Uitjestest
Algemien direkteur Janneke Staarink fan it Oerol-festival hat woansdei de start jûn fan de Nasjonale Uitjestest. Staarink die dat omdat Oerol ferline jier de test wûn.
Nederlanners kinne dêrby har favorite útstapke kieze. Se dogge dat op inisjatyf fan de NS. Nij dit jier is dat ek in faksjuery it bêste útstapke kiest.