'Koops krijt net miljoen'

Ald-bestjoerder Klaas Koops fan it Friesland College krijt net in miljoen euro oant syn pensjonearring ta. Dat seit vice-foarsitter Mulder fan de Ried fan Tafersjoch fan it Friesland College. Op de skoalle is opskuor ûntstien oer it bedrach dat Koops krijt yn syn funksje as adviseur, neidat er earder foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer wie.
Neffens foarsitter Klaassens fan de MR sprekke de sifers fan it jierferslach Mulder syn bewearing tsjin.