Bern Smellingerlân op sport

03 jun 2009 - 11:10

Bern yn Smellingerlân moatte lid wurde fan in sportklup. Dat stiet yn it gemeentlik beliedsplan Sport en Bewegen, dat woansdei presentearre is. It doel is dat oer trije jier 65 persint fan de jongeren oant 18 jier en 77 presint fan de jongere bern lid is fan in sportferiening.

Ek 55-plussers en minsken mei in beheining moatte oan it sporten. Smellingerlân wol him de kommende jierren rjochtsje op it stypjen fan de frijwilligers fan de sportklups.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)