Dief boat en trailer oanholden

03 jun 2009 - 10:49

Op de grutte dyk by Beetstersweach is tiisdei in man út Snits oanholden omdat er in boat en in trailer stellen hie. In tsjûge seach de boat op in trailer stean op de A7, sûnder ferljochting. Doe't de plysjes dêr kamen, fûnen se de Snitser.

Dy sei dat de trailer begûn wie te slingerjen doe't er dermei ried en dat woe er no werstelle. Ut kontrôle die bliken dat de man net de eigner fan de boat en de trailer wie. Dy binne meinaam by in bedriuw fan De Gordyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)