Warkumer Blazer nei Enkhuzen

03 jun 2009 - 09:18

De frijwilligers fan de Warkumer Blazerhaven belibben tiisdei it gloarjemomint dêr't se al skoften op ta wurken. It fertutearze skip TX11 ferhuze fan it Suderseemuseum yn Enkhuzen nei Warkum om dêr fan de ûndergong rêden te wurden.

De TX11 is in replika fan in blazer, in fiskersboat dy't 115 jier lyn boud is by werf De Hoop yn Warkum. De kommende jierren krijt it skip in grutte restauraasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)