Wrak helikopter Amelân frijjûn

02 jun 2009 - 19:08

It wrak fan de delstoarte helikopter op it fleanfjild fan It Amelân is frijjûn en tiisdeitejûn burgen. De KLPD en de Undersyksried wiene om seis oere hinne klear mei harren ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

De helikopter waard bestjoerd troch in piloate dy't in fleantocht makke mei har heit. Beide binne tiisdeitejûn weromreisige nei hûs. Eigner Dick van Wikselaar út it Gelderske Harskamp, dy't it tastel ferhierd hat, seit dat de helikopter total loss is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)