Goed jier Noorderbreedte

02 jun 2009 - 15:56

2008 wie in hiel bêst jier foar de ynstellings fan Zorggroep Noorderbreedte, dêr't ek it MCL yn Ljouwert ûnder falt. It sikehûs koe it jier ôfslute mei in plus fan 2,2 miljoen euro. Yn 2007 stie it MCL noch op in ferlies. Ek it rapportsifer fan pasjinten wie goed, sy joegen it MCL in 7.9.

De organisaasje is ek wiis mei de bysûndere projekten fan 2008, lykas de Surgicube yn Harns en in polyklinyk foar Huntington-pasjinten yn Grou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)