Guus Meeuwis hast útferkocht

02 jun 2009 - 14:29

Der binne noch goed 200 kaarten beskikber foar it konsert fan Guus Meeuwis oankommende freed yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Trochdat it poadium ferskood is binne der mear plakken frijkaam. Der binne sels noch inkele kaarten foar de populêre flierplakken.

Neffens organisator The Entertainment Group sil it grutste part fan it publyk freed bestean út minsken út it noarden fan it lân. Guus Meeuwis sil syn grutste hit yn it Frysk sjonge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)