Boeren: 100 miljoen minder

02 jun 2009 - 11:33

Fryske boeren barre dit jier 100 miljoen euro minder molkjild, omdat de molkpriis sa bot ûnderút giet. Dat seit de Fryske CDA-foarsitter Douwe Tamminga, de eardere direkteur fan Royal Friesland Foods. Net allinnich boeren binne de dupe, ek oare bedriuwen dy't ôfhinklik binne fan melkfeehâlders krije der in tik fan mei.

Neffens Tamminga is snijen yn de kosten eins net te dwaan, sadat boeren bot yn ynkommen achterútbuorkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)