Weryndieling Noardeast-Fryslân

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen en Kollumerlân ha der by de Twadde Keamer foar pleite dat weryndieling fan de gemeenten yn de Súdwesthoeke gjin blaudruk wurde moat foar de rest fan Fryslân. De twa gemeenten wolle sels baas bliuwe as it giet om tempo en skaalgrutte. Se sjogge net direkt de foardielen fan de nije Súdwesthoekegemeente.
Beide boargemasters ha ek praten oer it iepenhâlden fan it plysjeburo yn Bûtenpost en de ûntwikkeling fan it stasjongebiet ek yn Bûtenpost.