Rjochtdei De Jouwer stiet faai

02 jun 2009 - 10:51

De twadde rjochtdei op 'e Jouwer giet takom jier mooglik net troch. De gemeente Skarsterlân wol der gjin jild foar frijmeitsje. Organisator Museum Joure seit net sûnder de bydrage fan 10.000 euro fan de gemeente te kinnen. It museum hat no in brief stjoerd oan de gemeente, yn de hope dat dy dochs noch jild op it kleed leit. Sa net, dan giet it definityf net troch.

De rjochtdei op 'e Jouwer waard ferline jier foar it earst holden. Doe kamen der sa'n 7000 minsken op ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)