Autoracers oppakt yn Boalsert

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige ynwenner fan Nijlân en in 21-jierrige Boalserter binne sneintejûn oanhâlden foar gefaarlik rydgedrach. De manlju wiene op de Snitsertrekwei yn Boalsert neist elkoar oan it racen.
Doe't de plysjes dwaande wiene mei in kontrôle, seagen se de beide op har ôfkommen. Ien fan de bestjoerders gie ynienen boppe op 'e rem stean en kearde sa de auto. De manlju hawwe proses-ferbaal krigen en moatte it foarearst sûnder rydbewiis dwaan.