Grutte kontrôle op it wetter

© Omrop Fryslân
By in grutte fiskkontrôle hat de plysje ôfrûne wykein 215 fiskers kontrolearre. Sa'n tritich krigen in proses-ferbaal. Sa wurken se ûnder oare mei libjend ies of hiene se te folle snoekbears.
Neist de fiskkontrôle waard op it wetter ek noch kontrolearre op te hurd farren. Fjouwer boatsjefarders krigen dêrfoar in proses-ferbaal. De kontrôles wiene ûnder oare yn 'e Alde Feanen en op 'e Hegemermar.