Radar plysje stellen

© Omrop Fryslân
Twa Burgumers binne oppakt foar it stellen fan radarapparatuer fan de plysje yn Noardburgum. Plysjeminsken wiene op 'e Ryksstrjitwei dwaande mei in kontrôle foar te hurd riden en seagen dat harren apparatuer ynladen waard yn in auto.
Troch it kenteken kaam de plysje de manlju op it spoar. De auto stie yn Burgum mei yn 'e koffer de apparatuer. Ien fertochte is by de auto oanhâlden, de twadde is fan hûs helle. De manlju sitte fêst op it plysjeburo.