Rige foar kaartsje Cambuur

01 jun 2009 - 13:44

By it Cambuurstadion stiene op pinkstermoandei om it middeisoere hinne lange rigen foar in kaartsje foar it beslissingsduel yn 'e play-offs. Cambuur spilet woansdei de tredde wedstriid tsjin Roda JC. Dan wurdt bekend wa't nei de earedivysje ta giet.

De kaartferkeap fan moandei wie inkeld foar de fjouwertûzen seizoen-kaarthâlders. Yn 'e losse ferkeap sitte seistûzen kaarten. Dy ferkeap begjint tiisdeitemoarn om njoggen oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)