Motors ride alve stêden bydel

Yn Ljouwert binne 3600 motors, 150 auto's en twahûndert trikes op pinkstermoandei moarns ôfset foar harren Alvestêdetocht. De start wie fan sân oere ôf. In oere earder wiene ek al sa'n 150 solexriders fan start gien. De tocht giet oer 240 kilometer.
Om healwei twaen wurde de earste dielnimmers werom ferwachte yn Ljouwert, al kin it fanwege it moaie waar ek wolris wat letter wurde. De tocht slút om seis oere. De ynskriuwing wie dit jier hiel gau fol.