Menzo: Cambuur morele winner

Stanley Menzo: Cambuur is de morele winner (foto Martin de Jong)
It wurdt woansdei wer in nije wedstriid, dy't gewoan by 0-0 begjint. Yn 't foar tinke dat je wol winne is gefaarlik, warskôget trener Stanley Menzo fan Cambuur. As Cambuur sa spilet as yn de earste wedstriid tsjin Roda moatte de Ljouwerters winne kinne. Mar as Cambuur sa spilet as yn Kerkrade dan is dat twifeleftich.
Menzo is optimistysk fanwege de striid dy't syn tiim levere. Nei de 1-1 yn Kerkrade kin Cambuur as de morele winner beskôge wurde, sa fynt hy.