Roda liedt by rêst mei 1-0

31 maaie 2009 - 17:21

Troch in goal fan Sekou Cissé hat Roda JC de lieding nommen yn de wichtige play off-wedstriid tsjin Cambuur. Skiedsrjochter Nijhuis dielde twa reade kaarten út yn de earste helte. Marcel Meeuwis fan Roda krige in reade kaart nei in oertreding op Guijt. Koen Brack krige in reade kaart fanwege in 'schwalbe' yn it strafskopgebiet.

Cambuur-fans fine dy twadde reade kaart folslein ûnterjochte. Brack hie yn plak fan in kaart in penalty hawwe moatten, sa fine de Cambuur-fans.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)