KFS makket trochstart:Krúspunt

31 maaie 2009 - 16:55

It Frysk en de Fryske streektalen moatte noch mear brûkt wurde yn en om de Fryske tsjerken. Dat fine de oprjochters en bestjoersleden fan de nije stifting Krúspunt. De stifting wurdt op 2 juny offisjeel oprjochte yn Jorwert en wol it wurk fan 100 jier Kristlik Frysk Selskip fuortsette.

Krúspunt wol ferskate groepen en organisaasjes dy't mei it Frysk en de tsjerke te meitsjen ha bine, lykas de KFFB, it ferbân fan Fryske foargongers en de beriedsgroep earetsjinst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)