Tûzen Cambuurfans nei Kerkrade

31 maaie 2009 - 13:45

Sa'n tûzen Cambuurfans binne sneintemoarn yn njoggen bussen ûnderweis gien nei it fiere Kerkrade foar de wichtige play off-wedstriid tsjin Roda JC. De Limboarchse klup ferkocht de kaartsjes mei in saneamde buskombyregeling. De seleksje fan Cambuur is sneon al ôfreizge nei Limboarch.

Yn it Cambuurstadion kin de wedstriid sneintemiddei folge wurde op in grut skerm. Yn it stadion is romte foar in pear tûzen leafhawwers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)