Grutte drokte Strjitfestival

Der hawwe sneon sa'n 65.000 besikers west by it Fries Straatfestival yn Ljouwert. Dat festival begûn tongersdei al, mar sneon wie fierút de drokste dei.
It Strjitfestival is in kultureel evenemint dat alle jierren plakfynt yn de binnenstêd fan Ljouwert. It duorret fjouwer dagen. Snein is de lêste dei fan it festival. Der binne dan noch aktiviteiten yn ûnder oare de Prinsetún.