Marit Bouwmeester ferjit winst

Marit Bouwmeester (foto: Sander van der Borch)
Marit Bouwmeester like sneon yn de medaljerace fan de Delta Lloyd Regatta op de winst ôf te gean. Se lei yn har Laser Radial op it earste plak mei in romme foarsprong. Doe tocht se dat se der al wie. Mar in rûte te min sile betsjutte diskwalifikaasje. Yn de einstân waard Marit no njoggende.
Pieter-Jan Postma sylt snein syn medaljerace. Hy begjint de striid tusken de bêste tsien yn de Finn op it achtste plak. Yn de Laser docht Roelof Bouwmeester krekt itselde: ek achtste.