Tsjummmearum wint NK

© Omrop Fryslân
It partoer fan Tsjummearum hat sneon yn Frjentsjer de Jong Nederlân partij, it NK keatsen foar junioaren, wûn. Yn de striid om priis en preemje moast tsjin Holwert in 5-2 achterstân goedmakke wurde. Dat slagge de keatsers Arnold Zijlstra, Hans Wassenaar en Steven de Bruin. Op 5-5 en 6-4 pakte Tsjummearum, ek winner fan de Freulepartij yn 2007, de winst.
Foar Holwert keatsten Gert-Anne van der Bos, Rudolf Soepboer en Hindrik-Jan de Haan.