Utstalling oer feanarbeiders

Yn Streekmuseum Opsterlân op 'e Gordyk is sneontemiddei de tentoanstelling `de lêste ferfeanter' iepene. Natuergebiet De Deelen is it iennichste plak yn Nederlân dêr't noch fean wûn wurdt. It wurdt ferwurke ta turf foar yn de tún.
De útstalling giet oer Theun de Leeuw: hy is de lêste dy 't foar syn wurk noch turf út De Deelen baggeret. En oer Evert de Graaf, de lêste dy 't op tradisjonele wize turf makke. De útstalling is te sjen oant 15 augustus.