Skorste Beekmans mist Roda út

SC_Cambuur kin snein yn de twadde wedstriid tsjin Roda JC net beskikke oer Paul Beekmans. De middenfjilder is skorst. Wa't him ferfange sil wol trainer Stanley Menzo noch net sizze. Nei alle gedachten wurdt dat Erik Wegh mar ek Tjaronn Chery is in opsje.
Op de lêste training moast Rudy Jansen mei in pynlik ankel nei de kant, mar hy kin wol spylje. Cambuur en Roda JC stride om in plak yn de earedivyzje. By in lykspul komt der noch in tredde en beslissende wedstriid.