Yn juny útspraak Hells Angels

It gebou fan de Hells Angels yn Harns
De saak tsjin de Hells Angels út Harns is de lêste strie der't it iepenbier ministearje him oan fêsthâldt yn de striid tsjin de motorklups. De Hege Ried docht yn juny útspraak yn de saak tsjin de Harnzer ôfdieling fan de motorklup.
As de Ried de eask fan it iepenbier ministearje om de klup te ferbieden net folget, dan staakt Justysje de striid tsjin de Hells Angels. Neffens Justysje giet it om in kriminele organisaasje.