Ferbean wapentúch yn auto

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtejûn yn Snits trije manlju út dat plak oanhâlden foar ferbean wapentúch. De manlju binne 22, 23 en 25 jier. De 23-jierrige man bestjoerde de auto dêr't se yn rieden. De plysje wist dat de man gjin rydbewiis hie en sette de auto oan de kant.
Yn de auto fûn de plysje in pistoal en in honkbalkneppel. De Snitsers sitte noch fêst. De wapens en de auto binne yn beslach naam.